Modelspoar ûntsnapt oan brân

15 mrt 2006 - 11:49

In lytse brân yn de Gysbert Japicxstrjitte yn Ljouwert soarge tiisdei foar in soad konsternaasje. Yn in kantoar wie de betriedding fan in nije boiler yn de brân flein. Benammen yn it klubgebou fan de Fryske Modelbaanklub wie der in soad reek. De leden fan de klub wiene dan ek benaud dat de treinen en spoaren yn de brân stiene.

Yn it gebou leit in goede kilometer oan modelspoar. De skea foel gelokkich ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)