Modelsoarchwenning op besjen yn Burgum

21 mrt 2016 - 21:10
  • De modelsoarchwente waard moandeitemiddei te plak takele

Mei in grutte kraan is moandei in model fan in soarchwenning te plak takele by it Helpmiddelen Sintrum yn Burgum. Yn dizze foarbyldwenning kin âlderein oant en mei 10 april sjen en ûnderfine hokker middelen der binne om langer thús wenje te bliuwen.

Se kinne yn de modelwente ek boukundich advys krije oer it oanpassen fan harren eigen wente. It sintrum hat gearwurke mei boubedriuw Scheenstra om dizze wenoplossingen foarm te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)