Moddergat moaiste Fryske plak

23 nov 2004 - 17:21

Moddergat is it moaiste plak fan Fryslân. Yn de foarrondes foar de ferkiezing fan it moaiste plakje fan de provinsje binne de Rysterbosk en it kweldergebiet by it Amelân as twad en tred einige. Sjoernalist Aad Struijs is de ambassadeur dy't Moddergat oandroegen hat foar de ferkiezing.

Sneon is de finale fan it moaiste plak fan Nederlân. It moaiste plak krijt 25.000 euro. Dat jild is bestimd foar in goed doel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)