Mobyl útstjoerburo yn 'e Wâlden

15 okt 2004 - 17:27

Fryslân hat syn earste mobile útstjoerburo krigen foar de gemeentes Opsterlân en Eaststellingwerf. De mobile festiging is fan Randstad. It bedriuw hie yn it ferline kantoaren yn beide gemeentes, mar dat koe net út.

It kantoar yn Easterwâlde, dat mar hiel beheind beset wie, is noch mar koart lyn sletten. It mobile útstjoerburo is in nije oplossing om op it plattelân ticht by de wurksykjenden te bliuwen. Randstad hat 14 festigings yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)