Mobyl stimburo yn Ljouwert

21 feb 2007 - 19:59

De gemeente Ljouwert set by de kommende steateferkiezings in mobyl stimburo yn. It giet om in bus dy't lâns de gruttere skoallen yn Ljouwert rydt. Doel is om it studinten makliker te meitsjen om te stimmen.

It idee foar de bus komt fan in studint fan it Friesland College. Studinten sille ek it stimburo bemanje, sy leare meikoarten hoe't dat moat. Twa steateleden ride mei as foarsitter fan it mobile stimburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)