Mobyl restaurant yn Stiens

06 jul 2003 - 00:00

Ite yn de iepen loft, by in pleats yn in mobyl restaurant. Dat wie dit wykein mooglik yn Stiens, yn it ramt fan it jier fan de buorkerij. Doel is om typyske kulinêre produkten út de streek te promoatsjen. It mobile restaurant makket in rûnreis troch Nederlân.

Alle wiken wurdt in oare provinsje oandien troch sjefkok Dineau en syn ploech út Amsterdam. Personiel fan restaurant De Wilgenhoeve yn Drachten wurke dit wykein mei by it itensieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)