Mobyl Planetarium yn Frjentsjer fanwegen berneboekewike

11 okt 2015 - 11:36
  • It plafond fan it planetarium yn Frjentsjer

Yn it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer is snein in mobyl, modern planetarium te sjen. Snein tusken 13.00 en 16.00 oere binne shows te sjen, wêryn't it hielal ta libben brocht wurdt.

It makket diel út fan it Bjusterbaarlik Suver Nuver Museumwykein, yn it ramt fan de lanlike berneboekewike. It tema fan dizze wike is Raar maar waar, oer wittenskip. Sneon hold de bekende wittenskipssjoernalist Govert Schilling in lêzing foar bern yn it stedhûs fan Frjentsjer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)