Mobyl netwurk KPN lei plat

11 mrt 2004 - 00:00

Mobyl belje wie tongersdei foar in soad minsken ûnmooglik. It mobile tillefoanferkear fan KPN yn Fryslân, Grinslân en Drinte lei der sûnt moarns betiid hielendal út. Neffens in wurdfierder fan de KPN waard de steuring feroarsake troch in steuring yn in trânsmisjeknooppunt.

KPN ferwachte dat de steuring de hiele dei duorje soe, mar healwei de middei naam de berikberens wer ta. Jûns wie de steuring hielendal oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)