Mobilis bout tunnel Wolvegea

18 jun 2014 - 16:14

Oannimmer Mobilis is troch ProRail útkeazen om in tunnel oan te lizzen ûnder Om den Noort yn Wolvegea. De tunnel moat de oergong ferfange, dy't no noch yn de dyk sit. De oanlis fan de tunnel kostet goed fjouwer miljoen euro. Mobilis is ûnder oare út de ynskriuwers keazen, omdat it foar de minste oerlêst foar treinreizgers soarget.

It bedriuw is ek belutsen by de oanlis fan de Sintrale As en de Heak om Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)