Mobile ôffalbakken yn Ljouwert

18 jun 2003 - 00:00

Hoarekabedriuwen mei in terras yn de binnenstêd fan Ljouwert krije fan de gemeente in ôffalbak. Doel is mei de bak de smoargens op strjitte fierders te ferminderjen. It giet om in 'mobile' ôffalbak. Dy stiet oerdeis bûtendoar op it terras en nachts ûnderdak by it kafee of restaurant.

Kommende freed wurdt de earste fan de fyftich bakken útrikt troch wethâlder Sluiter. Dy ôffalbak sil stean by de de Ierse pub Paddy O'Ryan oan 'e Iewâl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)