Mobile konsertseal yn Drachten

05 nov 2007 - 14:38

De ridende konsertseal fan it Prinses Christina Concours komt tongersdei en freed nei Drachten ta. By de brede skoalle yn de Drait wurde yn de grutte trailer seis klassike konserten jûn.

De trailer kin omboud wurde ta in seal foar 30 besikers. Alle klassen fan de brede skoalle krije in optreden. De Classic Express is in kadootsje fan it Prinses Christina Concours omdat de skoalle 40 jier bestiet. De ekspres is foar it earst yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)