'Mobile brigade nei Ljouwert'

14 sep 2013 - 07:50
  • Der wurdt al in pear jier aksjefierd om de kazerne yn Assen iepen te hâlden

De 700 soldaten fan de luchtmobile brigade komme nei de fleanbasis yn Ljouwert. Dat seit Drintse kommissaris fan de kening Jacques Tichelaar yn it Dagblad fan it Noarden en de LC. Minister Hennis-Plasschaert fan definsje wol de kazerne yn Assen neffens him slute.

Foar de 700 militêren fan de brigade betsjut dat, dat se nei de fleanbasis yn Ljouwert ferhúzje. Hjir soe in nije kazerne komme moatte. Tichelaar is tsjin de sluting fan de kazerne yn Assen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)