Mobile bistedokter reizget út Eastersee wei troch Fryslân

12 mrt 2015 - 10:55
  • In nije trend: de bistedokter komt by de minsken thús

Bistedokter Maaike Grijpstra fan Hilaard is mei in mobile bistedokterspraktyk begûn. Se wurket fanút in 'klinykromte' yn Eastersee dêr't har assistinte Betty de Haan wennet. De ridende bistepraktyk is in trend oan it wurden, neffens Betty. Yn Fryslân is noch in mobile bistedokter warber, mar dy wurket allinnich yn Frjentsjer en omkriten, wylst Grijpstra hiel Fryslân betsjinje wol.

Sy hat merkûndersyk dien en dêrút de konklúzje lutsen dat der yn Fryslân ferlet is fan in bistedokter dy't by minsken thús sike bisten behannelet.

Grijpstra hat jierrenlang ûnderfining opdien as waarnimmend feedokter en hat no de oerstap makke nei in eigen praktyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)