Moasjes fan Skriuwersboun

10 nov 2010 - 10:11

It Frysk Skriuwersboun hat twa moasjes yntsjinne by de provinsje. De skriuwers fine dat der te min omtinken is foar de Fryske literatuer yn de plannen foar Fryslân 2018, kulturele haadstêd fan Europa. Neffens de skriuwers soe dit krekt ien fan de spearpunten wêze moatte.

It oare punt dêr't se har soargen oer meitsje is dat de subsydzje foar it útjaan fan Fryske boeken omleech giet en ek oare subsydzjes foar it skreaune Frysk ûnder druk steane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)