Moasje tsjin wethâlder Boorsma

07 jun 2013 - 15:29

Opposysjepartijen yn Dongeradiel hawwe tongersdeitejûn wer in moasje yntsjinne tsjin CDA-wethâlder Sicco Boorsma. Yn april wie dat ek al it gefal. Doe moast er him ferantwurdzje foar flaters by fiif projekten. No wie it ferwyt fan de oppysje dat Boorsma de rie net ynformearre hie oer in arbeidskonflikt by wolwêzensstichting Het Bolwerk.

Direkteur Jules Dutrieux focht syn ûntslach oan en krige gelyk. Dat kostet Het Bolwerk 150.000 euro. De moasje wie in inisjatyf fan de fraksje De Vries/Van der Galiën. Hy helle it úteinlik net.

De koalysjepartijen CDA, FNP en ChristenUnie him net stipen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)