Moasje tsjin JSF oannaam

15 mrt 2009 - 17:32
  • Der is in soad ferset tsjin oanskaf fan de JSF

De Fryske moasje om foarearst ôf te sjen fan de oanskaf fan in testtastel fan de JSF hat it snein helle op it partijkongres fan de PvdA yn Utrecht. Om in goed beslút te nimmen oer de opfolger fan de F16, wol de PvdA no earst alle ynformaasje fan de beskikbere kandidaten goed yn byld ha.

It kabinet wol mooglik twa testtastellen fan de Joint Strike Fighter oanskaffe, mar der is noch in soad ûndúdlik oer it leven dat dit gefjochtsfleantúch makket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)