Moasje foar mear ûndersyk JSF

21 sep 2013 - 17:10

In lytse 40 Fryske PvdA-ôfdielings ha sneon in moasje yntsjinne foar mear ûndersyk nei de JSF. De partijleden wolle útstel fan de oanskaf fan 37 Amerikaanske gefjochtsfleantugen. It ûnderwerp stie sintraal op de PvdA-lederied yn Swolle. Dêr sei partijlieder Samson dat de PvdA gjin beslút nimt oer de oankeap fan de JSF salang't de partij twifels hat oft der foldwaade tastellen komme om diel te nimmen oan ynternasjonale missys. De leden fan de PvdA stypje de koers dy't Samsom fart oangeande de JSF. Dat waard dúdlik op in lederied yn Swolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)