Moarnsspits ridlik goed ferrûn

06 des 2012 - 09:47
  • Bus by Burchwert fan de dyk
  • auto yn sleat Minnertsgea

De moarnsspits yn Fryslân is tongersdei ridlik goed ferrûn nei de sniebuien fan woansdeitejûn en -nacht. De reistiid wie foar de measte minsken wol wat langer. Der wiene in tal lytse ûngelokken. Foaral yn Súdwest-Fryslân en yn de buert fan de Ofslútdyk. Woansdeitejûn rekken twa bussen fan Connexxion fan de dyk. Ien tusken Wommels en Burchwert en ien by Holwert. Dêrby rekke net ien ferwûne. Der is tusken de trije en fiif sintimeter snie fallen. Automobilsten is advisearre om stadich te riden.

It treinferkear fan Arriva en de bussen fan Connexxion en QBuzz koene gewoan ride neffens de tsjinstregeling. De NS rydt yn it noarden oant tolve oere mei minder treinen. Provinsjale Wettersteat en Rykswettersteat melde gjin kalamiteiten en binne folop dwaande om de wegen skjin te krijen. Ek de gemeenten binne mei strui-auto's op 'en paad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)