Moarnsite by de gemeente

30 aug 2007 - 21:54

Ynwenners fan Achtkarspelen kinne yn septimber mei elkoar moarnsite. De gemeente organisearret op 15 septimber in grutte byienkomst fanwege Nationale Burendag. Elk dy't dat wol kin dy moarns tusken njoggen en alve op de oprit fan it gemeentehûs yn Bûtenpost in beskút of in sacht searn aaike ite.

Boargemaster en wethâlders meitsje it moarnsbrochje klear. It mei elkoar iten is it startsein fan de nasjonale buredei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)