Moarnsbrogge mei boargemaster

24 okt 2013 - 17:40

Boargemasters fan fjirtjin Fryske gemeenten sille yn de wike fan it Nationaal Schoolontbijt mei basisskoallebern út de buert in moarnsbrogge ite. Sa jouwe se it goede foarbyld. De bern nimme wat lekkers mei, wat troch de boargemasters betelle wurdt yn de foarm fan in donaasje oan War Child.

It Nationaal Schoolontbijt is dit jier fan 4 oant en mei 8 novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)