Moarnsbrochje Harns slagge

02 jul 2011 - 11:47
  • Harns kin mar oanskowe (foto's Omrop Fryslân/Geale Groen)

It moarnsbrochje yn Harns wie in grut sukses. Mear as 400 dielnimmers hienen in kaartsje kocht en skoden sneon oan. It brochje wie al twa kear útsteld fanwege min waar, mar sneon doarde de organisaasje fan it 'Harlinger Parkontbijt' it wol oan mei it waar. It moarnsbrochje waard hâlden yn de Ingelske tún. De organisaasje is yn hannen fan de Harnzer ûndernimmers.

It 'Parkontbijt' tsjinnet net in bepaald doel, it wurdt dien foar de gesellichheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)