Nije arrestaasje yn saak-Eker

27 sep 2013 - 10:24
  • It hûs fan Eker yn Easterwâlde dêr't de sjitterij plakfûn

Yn de saak fan de moard op Henk Eker út Easterwâlde is tongersdei in 32-jierrige man út Masedoanië oanhâlden. Eker waard op 9 jannewaris fan dit jier deasketten yn syn wenplak. De man dy't no oanhâlden is, waard al in skoft troch de plysje socht. Hy koe úteinlik yn Amsterdam oppakt wurde.

Earder waard ek al in 27-jierrige Amsterdammer oanhâlden. Dy is lykwols earder fan 'e wike frijlitten, om't der neffens de rjochtbank net genôch bewiis is om him langer fêst te hâlden. It Iepenbier Ministearje sjocht de Amsterdammer noch wol as fertochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)