Moardsaak-Miranda Olivier foar de rjochter

07 jan 2015 - 11:45

Under grutte belangstelling is woansdeitemoarn de rjochtsaak begûn tsjin de 45-jierrige Ljouwerter fertochte fan de moard op de 38-jierrige Miranda Olivier. Yn juny ferline jier brocht de man har om it libben mei messtekken.

Neffens de fertochte fersterken hy en syn eks-freondinne inoar de ferkearde kant op. Op de dei fan de moard hiene se besletten om útinoar te gean. Dêrnei hawwe se thús kokaïne brûkt en in soad alkohol dronken yn de stêd.

Werom yn it hûs fan Olivier krigen se rûzje. De fertochte stuts it slachtoffer mei in mes fan achteren del. Doe't er seach dat se dea is, rekke er yn panyk en besocht er himsels te koart te dwaan. Dat mislearre, wêrnei''t de fertochte njonken it slachtoffer lizzen gie. De rjochtsaak is om healwei tsienen begûn. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust docht de hiele dei op Twitter ferslach fan de saak:

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)