Moardsaak-Heijltjes: 25 tips

24 okt 2012 - 10:10
  • Marijke Heijltjes

De plysje hat 25 tips krige oer de moard op de 67-jierrige Marijke Heijltjes út Easterwâlde. De frou waard op woansdeitemoarn 12 septimber dea fûn yn har hûs. Mei nei oanlieding fan de tips wit de plysje no dat de frou op har lêste dei tusken trijen en fiven mei har auto yn it sintrum fan Easterwâlde wie. Fraach is no noch wêr't se nei fiven wie. De plysje hat dêr noch gjin idee fan.

Op dit stuit wurdt ûndersyk dien nei materiaal dat yn it hûs fan de frou fûn is. De plysje hopet dêr DNA fan de dieder op te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)