Moardner Snitser pear pakt

17 nov 2009 - 09:04
  • It echtpear Schuiten waard yn 1995 fermoarde
  • In komposysjefoto fan hoe't Chang der no útsjen soe

De man dy't noch in straf útsitte moat foar de moard op it echtpear Schuiten yn Snits, yn 1995, is oppakt yn Maleizië. Dêrnei is er as net winske frjemdling útset. Chang waard foar dy moard yn 1997 troch it Gerjochtshôf ta 18 jier sel feroardield. Hy kaam doe lykwols net opdaagjen. Hy wie earder troch de rjochtbank frijlitten.

Undersyk wiisde út dat Chang yn Maleizië siet. Hy is op it fleantúch set en tiisdei yn Nederlân oankommen. De neibesteanden binne op de hichte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)