Moardner De Vries net frij

24 jun 2013 - 17:35

De moardner fan Murkje de Vries komt net op frije fuotten. Dat hawwe de rjochters fan it hôf moandei besletten. De advokaat frege skorsing fan de selstraf fanwege it heger berop dat meikoarten tsjinnet. Advokaat Alie Westerhuis sei dat de feroardielde net tarekkeningsfetber wie fanwege de medisinen dy't hy brûkte. Dy reaksje is ek oantoand yn in klinyk.

Westerhuis woe dat it hôf earst in tv-dokumintêre oer dit medisyn besjen soe en pas dan útspraak dwaan soe. Mar dat fûnen de rjochters net sinfol. It maatskiplik belang waget swierder.

De earder feroardielde man bliuwt sadwaande yn alle gefallen oant nei de útspraak yn heger berop fêstsitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)