Moard yn Marwei: skuld finzenis

13 jan 2004 - 00:00

De dea fan kreatyf terapeute Hofman yn De Marwei hie mooglik foarkomme wurde kinnen as it ministearje fan justysje de saken better op oarder hân hie. De frou (51) waard in jier lyn yn Ljouwert troch in finzene deastutsen.

De Arbeidsynspeksje hat ûndersyk dien nei it ynsidint. De frou wie net goed genôch oplaat foar har wurk. Der wie amper tafersjoch yn it lokaal dêr't kreative terapy jûn waard om't de ruten ôfplakt wienen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)