Moard yn flat: tsjûgen socht

18 mrt 2010 - 11:59
  • De serviceflat dêr't de moard plakfûn (foto: Omrop Fryslân)

De plysje is op syk nei twa jongeren dy't sneontemiddei op in bankje by serviceflat Froonacker yn Frjentjser sitten hawwe. Sy hawwe miskien wat sjoen dat de plysje brûke kin yn it ûndersyk nei de gewelddiedige dea fan de 69-jierrige Pietsje Bouma. De frou is sneon mei in mes om it libben bocht.

De plysje siket noch mear tsjûgen. Sa soene gasten fan it neistlizzende motel miskien wat fertelle kinne. Der wurkje 30 resjersjeurs oan 'e saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)