Moard oplosse yn Moanne fan it Spannende Boek

31 maaie 2015 - 11:19

De Moanne fan it Spannende Boek begjint moandei. De hiele juny-moanne steane spannende boeken sintraal yn boekwinkels en biblioteken. De Fryske biblioteken organisearje boppedat ek it Moordspel.

Dat is in wedstriid fia ynternet, in spannend ferhaal wurdt dêrby yn stikken publisearre. It giet der úteinlik om dat lêzers de moard oplosse. Fia ynternet kinne se meilêze, meiprate en hints oplosse. De prolooch stiet al online, moandei wurdt it earste diel pleatst. It ferhaal is dit jier skreaun troch Olga Hoekstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)