Moard Igli yn Crime Time

22 maaie 2008 - 09:53
  • Moard Tevfik Igli noch hieltyd net oplost

It tillevyzjeprogramma Crime_Time jout freed omtinken oan de moard op de 41-jierrige Tevfik_Igli út Ljouwert. De eigner fan it Turkse restaurant Turquoise oan it Rutersketier waard febrewaris dit jier deasketten op de Brol yn Ljouwert.

Yn de útstjoering fan it TROS-programma komme in tal senario´s oan bod dêr´t plysje en justysje rekken mei hâlde. Sa soe der in link wêze mei in tal moarden op Turkse ûndernimmers yn Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)