Moard Haulerwyk: jildkiste fuort

17 okt 2006 - 11:48

Ut de wenning fan de koartlyn fermoarde Marinus Ooms yn Haulerwyk is in jildkistje stellen. It giet om in lyts, ljochtgriis kistje mei ûnbekende ynhâld. Dat hat de plysje tiisdei bekendmakke. De plysje ferwachtet dat omtinken foar de saak yn Plysjepost en Opsporing Verzocht it ûndersyk yn 'e moardsaak in ympuls jaan sil.

It resjerzjebijstânsteam wurdt dêrom tydlik útwreide mei seis ekstra resjersjeurs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)