Moard: 18 jier mei tbs easke

27 jul 2012 - 12:26

Tsjin de man dy't earder feroardiele is foar de moard op Aswintha Dijkstra út Snits is yn heger berop ek in selstraf fan 18 jier mei tbs easke. It slachtoffer wie de suster fan syn eks-frou. Hy brocht har om it libben by syn syktocht nei syn bern en syn eks-frou. De man gie yn heger berop om't er fûn dat de selstraf fierste heech wie.

By de behanneling fan de saak sei de oanklage freed dat er nea fan doel west hat de frou om it libben te bringen. De sitting fûn plak yn gebou fan de rjochtbank omdat it in risikositting wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)