'Moanneljocht' yn Aldehaske

03 mrt 2014 - 11:10
  • Led-ferljochting

In tal strjitten yn Aldehaske krijt ynkoarten 'moanneferljochting'. Dat is strjitferljochting dat itselde soarte ljocht jout as de moanne. Sokke ledferljochting is goedkeaper as de gongbere strjitferljochting. Boppedat skine de lampen allinnich op de plakken dêr't it nedich is.

It eksperimint jildt foarearst foar twa strjitten. As it foldocht, komt 'moanneljocht' op mear plakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)