Moannefisk Laura yt goed

20 sep 2012 - 14:01

It giet goed mei de moannefisk dy't ferline wike yn de Noardsee fongen is en nei it natuermuseum op It Amelân brocht is. De fersoargers witte no wat it bist graach yt. Se jouwe de moannefisk inktfisk en moksels, sadat er goed groeit.

De meiwurkers hawwe de moannefisk Laura neamd, nei de fynster. Om't it sa goed giet mei de fisk, bliuwt Laura foarearst yn it museum. Der komt in soad publyk op ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)