Moannefertsjustering te sjen

01 jan 2010 - 09:18
  • Sa wie de moannefertsjustering op Skylge te sjen

Yn it grutste diel fan Fryslân wie de moannefertsjustering âldjiersûn net te sjen. Dat kaam omdat it te bewolkt wie. De moanne wie foar sa'n 8% fertsjustere. Sa'n fertsjustering docht him foar as de sinne, de ierde en de moanne op ien line stean, mei de ierde yn 'e midden. Allinne yn it noarden wie it wol te sjen.

Neist de moannefertsjustering wie it ek foar de twadde kear dizze moanne folle moanne. Dat komt sa'n ien kear yn de trije jier foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)