Moandei wurde gemalen oanset

11 feb 2012 - 13:25

Kommende moandei wurde yn Fryslân ferskate gemalen oanset. Reedride is fan dan ôf tige gefaarlik.

Moandeitemoarn sille Wetterskip, provinsje en it iisbûn bepale hokker gemalen krekt oanset wurde. Dat sil nei alle gedachten wêze op plakken dêr't it teiwaar foar wetteroerlêst soargje sil. Ride is dan libbensgefaarlik, omdat der romte komt tusken it iis en it wetter. Probleem is wol dat in grut part fan de gemalen beferzen is. Dy moatte earst iisfrij makke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)