Moandei útspraak boustop REC

20 jan 2010 - 13:37

De rjochtbank yn Ljouwert docht moandei útspraak yn de saak oer de ôffaloven yn Harns. De Stichting Afvaloven Nee wol dat Omrin in boustop oplein krijt, no't de Raad van State de miljeufergunning foar de oven ferline wike ferneatige hat.

Neffens Omrin kin dat bedriuw de flaters yn de eardere fergunning binnen oardel moanne rjochtsette en betsjut in boustop in skea fan 100.000 euro per dei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)