Moandei betinking Andriesen

04 des 2008 - 10:18
  • It kondoleânseregister wurdt tekene

De woansdei ferstoarne deputearre Anita Andriesen wurdt moandei yn in iepenbiere byienkomst betocht. De tsjinst wurdt de middeis hâlden yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Omdat in soad minsken ferwachte wurde, is it Fries Natuurmuseum ek iepen as eventuele ekstra lokaasje.

Freedtemiddei is der in bysûndere Steategearkomste wêryn't Andriesen betocht wurdt. Dy gearkomste is te folgjen fia ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)