Streekbôlen fan Frysk weet

19 des 2013 - 13:04
  • It moalfabryk fan Koopmans yn Ljouwert

Moalfabryk Koopmans yn Ljouwert set yn 2014 útein mei in rige nije produkten fan weet út 'e eigen provinsje. Neffens direkteur Dirk Lodewijk hat de konsumint ferlet fan duorsum teelde weet út 'e eigen omjouwing. Yn gearwurking mei Hoogland BV yn Ferwert sil alle jierren 16.000 ton weet út Fryslân, Grinslân, Drinte en de Noardeastpolder ferwurke wurde.

Begjin 2014 hawwe de Fryske Echte Bakkers de primeur. Sy bakke fan de nije partij moal de earste streekbôlen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)