Moaiste pleats stiet yn Holwert

19 jun 2003 - 00:00

De pleats fan de famylje Idsardi út Holwert is útroppen ta moaiste pleats fan Fryslân fan 2003. Deputearre Mulder mitsele tongersdei in eareplakette yn 'e muorre. De organisaasje wol mei de ferkiezing mear omtinken freegje foar it behâld fan âlde pleatsen.

De Fryske winner docht mei oan de lanlike ferkiezing fan moaiste pleats. De stjelpbuorkerij út 1911 yn Holwert waard unanym as bêste keazen út 38 pleatsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)