Moaie winst Jong Hearrenfean

19 sep 2011 - 21:52
  • De winnende seleksje fan Jong Hearrenfean/Emmen

Jong Hearrenfean/Emmen spile moandei tsjin Jong Vitesse/AGOVV in hiele aardige earste helte. Op sportpark Skoatterwâld stie it healwei al 3-0 foar de thúsploech troch moaie goals fan Hakim Ziyech, Arsenio Valpoort en Mitja Resek. Yn in folle mindere twadde helte waard it 4-0 troch in yntikkerke fan Samir Fazli.

Jong Vitesse krige dêrnei in strafskop en Feanspiler Mike Koenders in reade kaart. De pennel waard oersketten, mar Brahim Darri makke dochs noch de 4-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)