Moaie sifers Friesland Coberco

21 des 2001 - 00:00

Friesland Coberco Dairy Foods ferwachtet oer 2001 út te kommen op in winst fan 78 miljoen euro, ûngefear likefolle as oer it jier 2000. De omset naam mei 6 persint ta oant sa'n 4,4 miljard euro.

It wie net allegearre jûchhei foar it bedriuw: de tongblierkrisis hat Friesland Coberco sa'n 8 miljoen euro koste. It bedriuw hat ek jild útlutsen foar it sluten fan trije tsiisfabriken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)