Moaie autopet alvestêdetocht

19 maaie 2013 - 17:15
  • stepalvestedetocht

Lieuwe Palstra fan Boalsert hat snein de autopetalvestêdetocht wûn. Yn de nacht fan sneon op snein gie in rekôrtal autopetters fan 167 om middernacht fuort. Palstra kaam om likernôch healwei fiven yn Boalsert oan. Troch de goede waarsomstannichheden wienen der mar in pear ôfstappers.

Om 21.00 oere moatte de lêste autopetters binnen wêze. De organisaasje meldt dat der gjin ûngelokken west hawwe en is tefreden oer it ferrin fan it evenemint.

Tjalling van der Schaaf is earder útstapt. Hy autopette de tocht om jild op te heljen en omtinken te freegjen foar de stichting Make-A-Wish dy't winsken fan slim sike bern útkomme lit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)