Moai waar:drok mei ûngetiidzje

05 jun 2013 - 10:29
  • Swylje
  • Ungetiidzje

Leanwurkers binne sûnt sneon drok op it lân. No't it lang om let moai waar is, binne se oan it ûngetiidzjen. Dat is hast in moanne letter as oars. De earste snee is der op de measte plakken ôf. Leanwurkers hawwe de hiele maitiid gjin wurk hân en moatte no fan 5 oere moarns oant nei tolven nachts oan de bak. Leanbedriuw Brandsma yn Wolsum hat ekstra minsken oan it wurk om alle klanten te betsjinjen. De boeren kinne troch de lette maitiid in snee minder gers fan it lân helje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)