Moai waar en hurde muzyk op útferkocht Into The Grave

09 aug 2015 - 13:11
  • Muzykfestival Into The Grave

It ynternasjonale metalfestival Into The Grave luts sneon it rekôr fan mear as 7.000 besikers nei it festivalterrein by de Aldehou. De fyfde edysje fan it festival mei hurde bands as Cannibal Corpse, Obituary en Sepultura rekke yn de rin fan de dei útferkocht. Der mocht doe, ek fan de gemeente, gjin man of frou mear talitten wurde.

Organisator Paul van Berlo is bysûnder tefreden oer it earste lustrum fan it festival. Moandei set de ferkeap foar de sechde edysje útein. Hjir is de band Exodus al foar fêstlein.

Into the Grave luts leafhawwers fan lûde muzyk út hiel Nederlân. Dy koene ûnder oare mei in spesjale metalbus nei Ljouwert reizgje. Ek koene de muzykfans mei in spesjaal arranzjemint in nacht yn in Ljouwerter hotel sliepe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)