Moai rapportsifer keunstmoanne

11 aug 2011 - 11:44

De keunstmoanne op It Amelân wurdt goed wurdearre. Dat blykt út in ûndersyk ûnder hast 600 belutsenen. Besikers, bedriuwen, ynwenners, keunstners en suppoosten binne ûnderfrege. In soad besikers komme spesjaal foar de eksposysjes nei it eilân. Dat smyt mear as 900.000 ekstra omset op. Ek de keunstners binne tefreden oer de moanne. Sy jouwe in 8,3 as gemiddeld rapportsifer.

Sawol by de keunstners en de besikers jout 80% oan wer werom komme te wollen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)