Moai ôfskie spilers SC Cambuur

16 apr 2010 - 22:50
  • Ale Geert de Vries naam ôfskie fan 'syn' publyk
  • Ale de Boer waard nei ôfrin yn it sintsje set

Sportklup Cambuur hat op moaie wize ôfskie naam fan trije spilers. De wedstriid tsjin Helmond Sport waard mei 2-0 wûn en dêrnei koene de spilers útswaaid wurde. Ale Geert de Vries, Ale de Boer en Geoffrey Meije waarden yn it sintsje set. Keeper De Vries mocht sels it lêste kertier noch spylje as ferfanger fan David Meul.

De wedstriid hie net folle om hakken. Nassir Maachi skeat nei sân minuten de 1-0 binnen. In eigen doelpunt fan Guus Joppen bepaalde de einstân op 2-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)