Moai neisimmerwaar komt werom

18 sep 2013 - 09:54

It moaie waar komt wer werom. Dat seit waarman Piet Paulusma. Nei de depresjes mei in soad rein en kâld waar komt der wer in hegedrukgebiet oan. Dit set sneon yn. Der is dan noch net in soad sinne, mar de temperatuer giet wol omheech nei 17 of 18 graden. Begjin takom wike kin it op guon plakken sels wol 21 of 22 graden wurde. Omdat de sinne folop skynt en der hast gjin wyn stiet, fielt it noch waarmer oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)