Moai begjin fierljepseizoen

23 maaie 2004 - 00:00

It fierljepseizoen is sneon op It Heidenskip spektakulêr útein set. By de junioaren ljepte Hannes Scherjon oer de magyske grins fan 18 meter hinne. Hy sprong 18 meter 24. By de topklassers wûn Bart Helmhout fan Burgum mei 17.51, Henk Schievink, ek fan Burgum waard twadde mei 16 meter 77.

By de froulju wie Antke van der Wal de winner mei 14 meter 67. Klaas Haanstra fan Warkum is noch net yn foarm. Hy gie twa kear te wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)