Moadeshow op klassike muzyk

12 jun 2011 - 15:25

Yn Ljouwert is op keapjûn 30 juny in catwalkconcert yn de iepen loft. Modellen fan de oplieding D'Drive fan it Friesland College rinne in moadeshow op Italiaanske klassike muzyk dy't live útfierd wurdt. It barren fynt plak op it Waachplein yn it sintrum fan de stêd.

It konsert foarmet de ôfsluter fan de ynternasjonale Allan Withington's simmerskoalle foar diriginten. Dy komme út acht ferskate lannen. Se swaaie it stokje by de moadeshowmuzyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)